TRYATER met STAMPPOT SCHMIDT

za 16 februari 2013   |   20:00 uur

TRYATER  met STAMPPOT SCHMIDT

Deze voorstelling is reeds geweest en niet meer te boeken.

In healwize famyljefoarstelling mei meiwurking fan de K.T.F.F.F.F.F.F.A.M.G.S. 

 

Tryater spile Stamppot Schmidt twa jier lyn mei in protte sukses. In ferfolch wie net te kearen. Augurken, feeën en stofsûgers sille noait mear itselde wêze nei it sjen fan dizze foarstelling. De ûnferjitlike lietteksten (gedichten fan Annie M.G. Schmidt) binne nei ôfrin nei te lêzen yn it programmaboekje. 

Stamppot Schmidt is foar bern(6+), mar benammen ek foar folwoeksenen!

 

Mei Stamppot Schmidt regissearre Bram de Goeij syn earste foarstelling by Tryater. Tomke siket om ‘e kluts en It geheim fan ‘e Kânselier folgen al gau. It hannelsmerk fan Bram bestiet út de kombinaasje fan ienfâld, absurde, oansteklike humor en dûbele lagen. It resultaat is dat syn foarstellingen nijsgjirrich binne foar bern én folwoeksenen.

 

“Saldery! Salderij!”

 

Hoera! It is sa fier! De Kommisje Ta Fersterking Fan Fersprieding Fan Ferskes Fan Annie M.G. Schmidt (Yn It Frysk) is ree fûn om de minsken te learen hoe’t se stamppot meitsje moatte. Kommisjeleden Koos en Klaas (en Kees) stampe herten, fluittsjetteltsjes en in grut tal muoikes en Royalty ta ien Grutte Panne Mei Poëzy. (Lit dat mar oan har oer).

Mei har sizze wy: Hoerakatee! En Skep Nochris Op! Want hoefolle wurden kensto eins yn it Frysk?

 

Stamppot Schmidt is in nochal absurde foarstelling (yn it Frysk) foar elkenien dy’t jong (fan geast) is.

 

Gedichten: Annie M.G. Schmidt

Regy: Bram de Goeij

Konsept en dramaturgy: Tamara Schoppert

Muzyk en script: Peter Sijbenga

Spul: Arnold Dijkstra en Eelco Venema

Oersetting en bewurking: Tryntsje van der Zee en Peter Sijbenga

Foarmjouwing: Maria Dourron

 

Tagongspriis: € 10,00

Freonen fan Tryater/

Bern 6 t/m 18 jier en CJP: € 7,50

 

Kaartferkeap:

J. de Vries, 

Nijebuorren 4, 

De Lemmer

Till. 0514 561638



Klik hier voor de website
PROGRAMMA ARCHIEF


Facebook SCC de Hege Fonnen