Kantinekolleezje mei Henk de Jong en Arjen de Boer yn De Hege Fonnen

wo 07 december 2016   |   20:15 uur

Kantinekolleezje mei Henk de Jong en Arjen de Boer yn De Hege Fonnen

Deze voorstelling is reeds geweest en niet meer te boeken.

Kantinekolleezje mei Henk de Jong en Arjen de Boer yn De Hege Fonnen


Yn de oanrin nei de foarstelling De wierheid fan Wylgeragea fan Tryater op sneon 10 desimber yn De Hege Fonnen op ‘e Lemmer jouwe âld-fuotbaltrainer Henk de Jong en presintator Arjen de Boer op woansdei 7 desimber om 20:15 oere in kantinekolleezje yn de kantine fan de sporthal.

Yn De wierheid fan Wylgeragea draait it om hoe’t minsken op inoar reagearje as se harren net feilich fiele yn harren eigen omjouwing. Henk de Jong, de ynnimmende âld-trainer fan Cambuur en op dit stuit kommersjeel meiwurker by FC Groningen, hat jierrenlange ûnderfining mei it heechhâlden fan sfear en teamspirit yn groepen en fertelt dêroer yn it kantinekolleezje. Arjen de Boer, ferslachjouwer en presintator by Omrop Fryslân, jout de foarsetten.

It kantinekolleezje wurdt organisearre troch Tryater en De Hege Fonnen, mei tank oan de cultuur- en beweegcoaches fan MIKS Welzijn en de gemeente De Fryske Marren. Elkenien is wolkom en de tagong is fergees, oanmelde is wol nedich: goo.gl/0Bebff.

PROGRAMMA ARCHIEF


Facebook SCC de Hege Fonnen