IT LEMSTERSHANTYKOOR en IT LEMSTER WIVEKOOR met "Nijjiersrevu: "Lemsterlân? Wat is dat oate? "

vr 17 januari 2014   |   20:00 uur

IT LEMSTERSHANTYKOOR en IT LEMSTER WIVEKOOR met

Deze voorstelling is reeds geweest en niet meer te boeken.

1 Jannewaris 2014 is de datum dat de gemeente Lemsterlân net mear as selsstannige gemeente bestiet. 

It Lemster Shantykoor en It Lemster Wivekoor gripe dizze gelegenheid oan om yn in tal sketskes en lietsjes har ljocht skine te litten oer it wol en it wee fan Lemsterlân.

 

De revu dêr’t dit yn barre sil, hat de namme: “Lemsterlân? Wat is dat oate?”meikrigen. Opkomst en ûndergong fan ús gemeente is de reade trie dy’t troch it stik rint en humor, spot en wille, mar ek earnst, mankelikens en betizing binne de eleminten dêr’t dizze revu út opboud is.

 

Omdat de útfiering plak fine sil yn de grutte seal, is der op dizze jûn plak foar 350 taskôgers.

De muzikale begelieding is yn hânnen fan de muzikanten fan de beide koaren en, in spesjaal foar dizze gelegenheid foarme, Lemster kombo.

 

Tekst en muzyk: Stoffel Zandstra

Regy:    Tineke Speerstra-Bangma

 

Tagongspriis: € 12,50 (ynklusyf 1 konsumpsje)

PROGRAMMA ARCHIEF


Facebook SCC de Hege Fonnen