ACHMEA CULPA met Krimp

za 14 februari 2015   |   20:00 uur

ACHMEA CULPA met Krimp

Deze voorstelling is reeds geweest en niet meer te boeken.

 

CABARET

 

‘Krimp’  is de opfolger fan de súksesfolle produksjes ‘Katarsis’ en ‘Kredo’. Trije kroechteaterstikken skreaun troch keunstner Gerrit Breteler. ‘Krimp’ sil wer rûnom yn de provinsje yn kafees, teaters en doarpshuzen spile wurde.

De gefolgen fan de ynsette krimp op it Fryske plattelân biede genôch ynspiraasje om de besikers fan kafee ‘De Bûnte Bok’ harren ferhaal dwaan te litten.

Mei humor en tragyk, rymjende taal, skilderkeunst en bisûndere muzyk sil dizze foarstelling de taskôger ferliede ta neitinken, meidwaan en it útroppen fan:

‘Lift up thy voice, be not afraid’!

Kabaretier Jan Jaap v.d. Wal hat as regisseur fan ‘Krimp’ de linige wurking socht tusken it flotte stedske intellektualisme en it stoefe plattelânske temperamint. In nije útdaging foar de spilers Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma.

De ferneamde grimeur Arjan v.d. Grijn hat de akteurs wer bystien yn harren syktocht nei de personaazjes. Omdat de beide akteurs alle karakters spylje, moat der yn rap tempo fan rol wiksele wurde. Mei minimale middels in optimaal resultaat! Arjan wist wêr ‘t ‘r oan begûn:

“Da’s lache man”............

 

Skriuwer: Gerrit Breteler

Rezjy: Jan Jaap van der Wal

Akteurs: Anke Bijlsma, Gerrit Haaksma

Produksje: Stifting Achmea Culpa

 

Produksjelieding: Anke Bijlsma

 

Foto: Frans Andringa

 

Entree: € 12,50 incl. pauzedrankje

 

ankebijlsma@hetnet.nl



Klik hier voor de website
PROGRAMMA ARCHIEF


Facebook SCC de Hege Fonnen